Albert Walsweer beneamd as bysûnder lektor Fryske Taal en Kultuer
Wy binne bliid dat wy melde meie dat it CvB Albert Walsweer beneamd hat as bysûnder lektor Fryske Taal en Kultuer binnen ús Lektoraat. Dit bysûndere lektoraat is ta stân kommen yn gearwurking mei de Provinsje Fryslân en komt fuort út de ôfspraken dy’t fêstlein binne yn de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK 2020 -2028). De wichtichste opdracht foar it lektoraat giet om it mei foarmjaan oan de doelstellingen fan it belied Taalplan Frysk 2030.